Fedde Doekeles




Generaasje 9:

256. Fedde Doekeles
1708 It Mar - 1774/5 Mildam
sf. Doekele Hylkes en Lol Feddes -->
x 257. Hendrikje Jans ± 1733
1710 - 1785 Mildam
df.

1. Lolkje (1734)
2. (128.) Jan (1736-1807)
3. Doekele (Kerkstra) (1740-1814) x Janke Reinders, x Geertje Foppes
4. Jantje (1745- foar 1781) x Teunis Klazes (Blok)
5. Hendrik (Kerkstra) (1748-1822) x Janke Pieters, x Janke Jelles

At der yn 1747 in nije dominee yn it Skoat en omkriten komt is de administraasje fan de gemeente goed yn 'e war. Fan foar dy tiid bin der ek gjin doop- en trouboeken bewarre bleaun. Hy makket dêrom in list fan alle lidmaten mei harren bern, en sa fine wy ek Fedde Doekles en syn hushâlding beskreaun:


Yn 1736 wennet Fedde Doekles yn 'een huiske' yn Mildam, dat hy hiert fan Jan Meeuwes erven foar 15 goune jiers.

Yn 1737 komt Fedde yn ‘e argiven foar omdat hy dan twa kear in hûs keapet, earst in grut hûs bûten de buorren, dat hy flak dêrnei ruilet foar in hiel wat lytsere klinte yn ‘e buorren. De twadde akte is in ‘wandelcoop’, dat is in ruilkeap dêr’t ien fan beide partijen (eventueel) bybetellet. Blykber hat Fedde Doekeles earst efkes fierder sprong as syn pols lang wie, want hy krijt mar leafst 90 goune ta, sadat dit hûs op 41 goune komt. Yn'e reëelkohieren stiet it hûs omskreaun as 'een huis en hofke' under Mildam 81.

Dat it by Fedde en Hendrikje gjin fetpot wie docht ek bliken út de Quotisatiekohieren fan 1749: út de belestingoanslach kin opmakke wurde, dat it kaptaal fan Fedde Doekles ...... nihil west ha moat. Yn'e spesykohieren stiet Fedde Doekles ûnder nûmer 42. Hy betellet foar ien skoarstien en, om't syn kaptaal minder as 600 goune is, foar twa persoanen heal jild. Hy hat gjin fee.

Yn 1775 fine wy dêr 'Fedde Doekles wed.', yn 1785 stiet der byskreaun 'overleden'. Yn'e selde kohieren stiet yn 1776 byskreaun 'een dogter minder'. It soe fansels wêze kinne dat it hjir om it ferstjerren fan Lolkje giet, mar wierskynliker is dat Jantje it hûs útgien is.

Generaasje 10:

512. Doekele Hylkes
1675 - 1744 It Mar
sf. Hylke Doekeles -->
x(1) 513. Lol Feddes rûn 1708
1680 - foar 1724
df.
x(2) Lamkje Einskes yn 1724

1. (256.) Fedde (1708)
2. Hylkjen (1710) x Tymen Hendriks, skuonmakker yn De Knipe
3. Gerrit (1712), yn Pepergea
4. Fetje (1714-1814) x Hans Jans, Tsjalbert

Doekle Hylkes syn namme komme wy foar it earst tsjin yn 1708 at er mei syn frou Lol Feddes in hûske yn'e Knipe keapet:


Neffens it âldste reeelkohier fan Skoatterlân wennet Doekle Hylkes yn 'een huijske' yn 'de Knijpe behorende onder den dorpe Mildam, derde wijk de westkant'.


Hy wennet hjir yn 1720 noch, mar yn 1721 is it hûs ferhierd oan Claas Johannes foar 13 goune.

De reden foar dizze feroaring is grif, dat by foar de twadde kear troud is. Yn 1724 fine wy him wer op in grutte hierpleats yn It Mar oan'e noardkant fan'e feart. De pleats wurdt foar 120 goune hierd fan Gjolt Wytzes, letter fan dy syn erven.
Yn 1742 (nei trije hierperioaden fan seis jier) gean Hylke en Lamkje fan'e pleats. Sy hiere noch twa jier in hûs fan'e Mennonite Gemeente, hoewol't sy net yn 'e lidmateboeken fan dy gemeente foarkomme. It is 'een huis en 3 morgen veenlant' en ek noch 'anderhalf morgen veenlant', no oan'e súdkant fan 'e feart, dêr't sy 65 goune jiers foar jowe. Yn 1744 fine wy dan Doekle Hylkes wed. werom op it âlde hûske yn 'e Knipe!
Yn 1749 noch stiet yn 'e Quotisatiekohieren under de Knipe: Doekle Hylkes wed., gering vermogen Út de oanslach kin wy ôfliede dat har 'vermogen' sa'n 100 Cg, west hat.

Generaasje 11:

1024. Hylke Doekles
rûn 1645 - nei 1711
sf. Doekle Jans en Janke Doytzes -->
x 1025. NN

x(2) Grietje Gerwerts, 1711 yn Wolvegea

1. (512.) Doekele (1675-1744)

Der is gjin konkreet bewiis foar it feit dat Doekle yndie in soan is fan Hylke Doekles, allinne om de namme is dizze konklúzje lutsen. De name Doekle komt sa'n bytsje foar dat it ferantwurde liket dizze stap to nimmen. Yn 1716 wurdt hy neamd as bewenner fan “een huis en een hofke” yn Mildam.

Út weesboek-ôfrekkens falt op to meitsjen dat Hylke Doekles him wol mei timmerjen dwaande houd en syn frou faaks mei naaiwurk. Hylke krijt nammentlik twa kear betelle, ien kear foar wurk by it fertimmerjen fan'e pleats fan in omkesizzer en in oare kear foar it meitsjen fan twa himden.


Hylke Doekles drie daegen en twee schoft 's daags agtien strs, beloopt 3: 6:0


dito aan Hylke Doekles betaalt voort maeken van twee hembden
met opsetsels voor Johannes Coops, dartien strs 0:13:0


de hantekening fan Hylke Doekles


1026. Fedde Roukes

sf. Roucke Ynses en Geyske Aukes? -->
x 1027. NN



1. Romkje x Goosen Marcks Terwischa (st nei 1750), it Mear
2. (513.) Lol (1680-1720)
3. Aef x Meints Minties, de Knipe
4. Jacob, Hearrenfean
5. Pier, it Mear


De fiif bern wiene foar de helte erfgenamen fan Martien Clases (SCO 172, 1-6-1726). De oare helte gie nei Dirck Gosses en Bets Wiegers. Dêrby stie Romkje neamd as Romkje Fedde Roukes. Yn 1642 trouwde in Fedde Roukes mei Ancke Wybes fan De Jouwer, mar dat pear hie gjin bern. Harren testament wurdt neamd by 2186. Yntse Roukes, mooglik aldomke fan dizze Fedde. Yn Snits is in houlik Fedde Rouckes x Doedtie Marcus yn 1678. Ek noch: Fedde Rouckes x Sophia Napius.

Generaasje 12:

2048. Doekle Jans

sf.
x 2049. Janke Doytzes om 1645 hinne

df.

1. (1024.) Hylke (1645)
2. Cornelis (1647 - nei 1705) x Rins Jentjes, Akkrum
3. Tziets (1649 - foar 1698) x Koop Johannes, boer Mildam

Yn in stik as wat op internet ferskynde genealogyen wurdt Doekle Jans, lekkenkeaper út Akkrum, neamd as heit fan de trije bern. Yn 1676 ferklearret hy jild skuldich te wêzen oan Cornelis Doekles yn dy syn funksje as kurator. In hurd bewiis dat Doekle Jans de heit is haw ik noch net ûnder eagen hân.

Dat Hylke, Tziets en Cornelis broers en suster fan mekoar binne kin wy ôfliede út in twatal ôfrekkeningen yn it weesboek fan Skoatterlân. Cornelis Doekles is dan fâld oer de bern fan Tziets Doekles. Hylke Doekles ûndertekenet as tsjûge.