Genealogy Jonkman


Nei der al mei al sa'n tsien jier mei dwaande west te hawwen, ferskynde yn novimber 1987 it Famyljeboek Jonkman.
Op in grutte famyljereüny yn Skarsterbrêge waard it earste eksemplaar útrikt oan de doe âldste Jonkman, Reitze Jans Jonkman fan De Jouwer.

Yn de jierren dernei binne der noch mear gegevens boppe wetter kaam, benammen yn de âldste generaasjes. Ek kaam de stamheit wat better yn byld, al is in keihurd bewiis noch net oantroffen. Sa stiet der no in ferbettere ferzy op dizze internet-site.

De famylje Jonkman is in famylje fan earst arbeiders, letter foaral boeren ôfkomstich út de froegere gemeente Skoatterlân, benammen fan Mildam, Ald- en Nijskoat en Oranjewâld.
De earste dragers fan de efternamme Jonkman binne Jacob Jans en Hendrik Jans, dy't as noch jonge mannen, harren heit wie krekt derfoar ferstoarn, dizze tapaslike namme keazen. Wa't efter de namme Jonkman in soarte fan lege adel fermoede hat it dus mis. Wannear't de heit fan Jacob en Hendrik, Jan Feddes, noch wol yn 1812 yn libben west hie, wie de famyljenamme nei alle gedachten Kerkstra wurden, de broers fan Jan Feddes keazen dêr alteast foar.

Yn ferbân mei de privacy binne de jongste generaasjes net op dizze site publisearre.
Fansels bliuw ik ynteressearre yn fierdere oanfullings, jo kinne derfoar telâne op stamboom@rjonkman.nl.