DOEKLE N. berne om 1620 hinne 1. Hylke berne om 1645-1650 hinne 2. Cornelis berne om 1645-1650 hinne 3. Tziets berne om 1645-1650 hinne |
De famylje Jonkman stamt fia Hylke fan Doekle ôf. Dat yn'e doop- en trouboeken fan Akkrum dizze nammen net foarkomme, hat fêst as reden dat de famylje mennist wie, yn alle gefallen hearde Cornelis Doekles ta dizze tsjerke.
Dat Hylke, Tziets en Cornelis broers en suster fan mekoar binne, kin wy ôfliede út in twatal ôfrekkeningen yn it weesboek fan Skoatterlân. Cornelis Doekles is dan fâld oer de bern fan Tziets (wy soene skriuwe Tjitske) Doekles. Hylke Doekles ûndertekenet as tsjûge . Bij de folgjende generaasje is mear oer dizze ôfrekkenerij to finen.
Yn in stik as wat op internet ferskynde genealogyen wurdt Doekle Jans, lekkenkeaper út Akkrum, neamd as heit fan de trije bern. Yn 1676 soe hy jild skuldich wêze oan Cornelis Doekles yn dy syn funksje as kurator. Mar dat kloppet net, want it giet hjir om in Doeke Jans. En it is gjin skriuwfout, dy namme komt mear foar yn de hypoteekboeken.
Mooglike oare famyljeleden binne Doekle Ulbes, yn 1640 op Koldykstate yn Grou en letter yn Arum, Douwe Doekles, yn 1640 boer op Terherne 6 en Wabbe Doekles, yn 1580 yn Akkrum neamd. Sûnder hurde bewizen kin hjir fansels fierder neat oer sein wurde.