Earste generaasje
Hylke Doekles (1645 - 1720)


I.1 HYLKE DOEKLES, timmerman te Akkrum, Mildam

berne om 1645 hinne, stoarn nei 1716 yn Mildam
x (1) N.N.
x (2) Grietje Gerwerts, 21-6-1711 Wolvegea

Út it earste houlik:
1. Doekle berne om 1675 hinne

Der is gjin konkreet bewiis foar it feit dat Doekle yndie in soan is fan Hylke Doekles, allinne om de name is dizze konklúzje lutsen. De name Doekle komt sa'n bytsje foar dat it ferantwurde liket dizze stap to nimmen.
Yn 1716 wurdt Hylke neamd as bewenner fan "een huis en een hofke" yn Mildam.

Út de by syn broer en suster behannele weesboek-ôfrekkens falt op to meitsjen dat Hylke Doekles him wol mei timmerjen dwaande houd en syn frou faaks mei naaiwurk. Hylke krijt nammentlik twa kear betelle, ien kear foar wurk by it fertimmerjen fan'e pleats fan in omkesizzer en in oare kear foar it meitsjen fan twa himden.


Hylke Doekles drie daegen en twee schoft 's daags agtien strs, beloopt       3: 6:0


dito aan Hylke Doekles betaalt voort maeken van twee hembden
met opsetsels voor Johannes Coops, dartien strs        0:13:0


syn hantekening