Tsjerkebuert Weinterp




Op dit part fan de site wurdt de skiednis ferhelle fan myn bertegrûn, de rige pleatsen om de tsjerke fan Weinterp hinne. In fan âlds sântal pleatsen, dy't net allinne geografysk in gehiel foarmje: it wie ieuwen lang de basis foar de rike en machtige famylje Andringa, dy't in grut part fan de pleatsen yn Weinterp yn hannen hie en it dêr dan ek op in soad terreinen (tsjerke, bestjoer) foar it sizzen hiene.

De tiid fan myn bernejierren, de jierren 50 en 60, wie sawat it lêste ein fan it besit fan de famylje. Twa susters en in broer wiene de eigner fan de rige pleatsen. Op pleats 26 Anne Andringa en har man Jelle Bakker. Pleats 29 wie yn eigendom fan Aaltje Akkerman, widdo fan Andries Andringa; dêr buorke Joop Jonkman, troud mei Pytsje Akkerman, in nicht fan de eigneresse. Pleats 30/31 wie yn eigendom fan Sjoukje Andringa, widdo fan Douwe Alkema. Dêr buorken Dé Alkema en har man Bert de Ruiter. De pleatsen 27 (mei dêrop de tsjerke en de pastorij) en 28 (mei dêrop it kostershûs) wiene fan âlds tsjerkebesit, mar hjirfan hiene de Andringa's yn de rin fan de jierren ek it measte lân yn harren besit krigen. Pleats 32 (bruorren Van Vondel) wie dan wer eigendom fan Sjoukje Andringa.

Dêrmei wie it besit noch lang net opneamd. Roun Âlde maaije kaam de iene nei de oare Weinterper boer by ús op 'e pleats del foar it hierbeteljen. Tante Aaltsje houd dan mei de notaris sitting yn de sneinske keamer om de sinten te ûntfangen en eventuele winsken fan de pachters oan te hearren. Wy wurden as bern dan achte ús netsjes te gedragen.
Ek oan de Andringa's besibbe famyljes as Zwaga en Sijtzema hearden ta de grûnbesitters yn Weinterp.

No is der neat mear fan oer. Alle lannen en pleatsen binne yn oare hannen oergien, allinne de grandeur strielet noch altiten fan de pleatsen mei de, seker foar de Wâlden, mânske foareinen ôf. Trije ieuwen hat de ferbining mei de famylje bestien. Op dizze website sil ik besykje dit tiidrek en de dêroan foarôfgeande ieuwen te beskriuwen.
Dat ik dat tsjin myn natoer yn, yn it Nederlânsk doch hat as reden dat de boarnen dy't brûkt wurde ek allegear Nederlânsktalich binne. Hieltyd switse tusken beide talen is dan net handich.