Seisde generaasje
Bern fan Hendrik Jans Jonkman


2.1 YPKJE HENDRIKS

10-5-1812 Aldskoat - 14-8-1878 It Hearrenfean
x Jacob Gerrits Jonker, tsjildraaier, Skoatterlân 4-6-1835
23-3-1806 Havelte - 18-5-1882 It Hearrenfean
sf. Gerrit Hendriks Jonker en Roelofje Jacobs Hoorn

Út dit houlik: 1. Detje (1835-1836) 2. Hendrik (1837-1860) stoarn as militêr yn Zutphen 3. Dettje (1840-1904) x Johannes Rienstra 4. Hiltje (1847-1901) x Yde Steensma, arbeider op It Hearrenfean 5. Jan (1851) x Klaaske de Vries

2.2 JAN HENDRIKS, boer te Nijskoat

12-2-1815 Aldskoat - 16-12-1876 Nijskoat
x Janke Jacobs Bralts, Skoatterlân 23-4-1843
20-3-1818 Aldskoat - 26-1-1885 Nijskoat
df. Jacob Roelofs Bralts en Hendrikje Hendriks Kerkstra

1. Hendrik 16-2-1844 Nijskoat
2. Hendrikje 14-11-1846 Nijskoat
3. Romke 18-5-1850 Nijskoat
4. Jacob 26-9-1853 Nijskoat - 11-1-1857 Nijskoat
5. Dettje 15-5-1857 Nijskoat

Omdat hy in broer hat mei deselde namme binne hja net goed út elkoar te hâlden yn de notariële argiven! Yn alle gefallen lient hy yn 1853 fl.700 út oan dy jongste broer.
Yn 1879 en 1885 wurdt der by notaris Boschloo op it Hearrenfean ynventaris opmakke.

2.3 FEDDE HENDRIKS, arbeider te Aldskoat

25-9-1817 Aldskoat - 19-9-1851 Aldskoat
x Janke Wiebes de Boer, Skoatterlân 23-4-1843
7-4-1820 Langsweagen - 3-3-1899 Aldskoat
df. Wiebe Klazes de Boer en Rinskje Jans Stoker

1. Hendrik 28-3-1844 Aldskoat
2. Reinskje 8-11-1846 Oranjewâld
3. Dedtje 11-8-1849 Oranjewâld

Yn 1899 wurde de besittingen fan de widdo Janke Wiebes de Boer (hja komt as wurkfrou troch de tiid) troch de bern ferkocht. It replik guod bringt fl.114 op, it ûnreplik guod fl.781. Muoike Gerrtje van der Haag, widdo fan Jan jr., keapet it wenhûs yn Aldkoat.

2.4 HILTJE HENDRIKS

18-10-1820 Oranjewâld - 1-1-1890 Nijskoat
x Sape Sybrens van der Vlugt, arbeider, Skoatterlân 19-6-1842
24-5-1819 It Hearrenfean - 17-12-1872 Grins
sf. Sybren Jacobs van der Vlugt en Froukje Sapes Kleineboer

Út dit houlik: 1. Dettje (1842-1890) x Gerrit Meester, arbeider yn Wolvegea 2. Siebren (1844-1921) x Geertje Zwarteveen, arbeider yn Nijelamer 3. Hendrik (1848-1871) 4. Froukje (1851-1903) x Fedde Hospes, arbeider yn Aldskoat 5. Romke (1856-1939) x Gooitske Koornstra, arbeider yn Nijskoat 6. Klaas (1857-1940) keapman yn Nijskoat, x Baukje Krekt, letter nei Dútslân ta 7. Jan (1859-1859) 8. Jantje (1860-1919) x Jan Krekt, arbeider yn Sint Jânsgea 9. Jacob (1863-1864)

2.6 JAN HENDRIKS HENDRIKS, keapman, merkmaster te Aldskoat

29-7-1826 Oranjewâld - 15-6-1880 Aldskoat
x Geertje van der Haag, Skoatterlân 14-5-1854
11-10-1823 Hallum - 31-8-1904 Oranjewâld
df. Geertje Jans

1. Dedtje 1-2-1855 Nijskoat


Yn april 1853, in jier foar syn trouwen, lient Jan Hendriks jr. in kaptaal fan f700 van syn broer Jan Hendriks sr. en docht dêrmei in wichtige oankeap. Fan Geert Andries Waslander wurde yn Nijskoat de perselen oankocht der't de pleats op set wurdt dy't noch troch myn pake en omke Klaas bebuorke waard. Hy keapet dan 1.26.50 ha greidlân en 1.92.40 ha heide. De heide wurdt oanmakke ta greide en boulân en oan de dyk wurdt yn 1855 in pleats boud.
Yn 1858 keapet hy op de beide útgongen oan de eastkant fan de pleats mear lân derby fan de famylje Tuijmelaar, sadat ûndersteande sitewaasje ûntstiet (it easten ûnder):


Yn 1867 hâldt hy op mei buorkjen en wurdt de pleats ruile mei syn broer Reitze tsjin it wenhûs yn Oranjewâld dat noch fan harren heit wie. De lêste sil der wol flink wat jild op ta jûn ha.
Hy fertsjinne blykber goed as keapman, want hy lient regelmjittich jild út oan oaren: yn 1871 fl.5000 oan Jan Egberts Smilde (ôflost yn 1889) en yn 1875 mei broer Reitze fl.9500 oan Sipke Sybrens Woudstra (ôflost yn 1890). (Mar mmoglik wie dit ek syn âldere broer ...)
Yn 1878 keapet hy fan de Van Sminia's noch heide en healân ûnder Aldskoat foar fl.2012. Nei syn dea ferkeapje de widdo en dochter Detje trije persielen greide yn Aldskoat foar fl.4768.

2.7 REITZE HENDRIKS, keapman te Oranjewâld

Sjoch hjir