Fyfde generaasje
Bern Jan Feddes


V.1 MARTZEN JANS

d. 6-6-1765 Sonnegea - 13-3-1832 Nijskoat
x Roel Sikkes Hoeksma, arbeider, Nijskoat 11-5-1794
6-11-1763 Nijskoat - 14-11-1827 Nijskoat
sf. Sikke Roels en Jantje Klazes

Út dit houlik: 1. Sikke (1795-1826) boer yn Nijskoat, x Bontje Thijmens Boersma 2. Jan (1798-1882) net troud, arbeider yn Nijskoat 3. Jantje (1801-1881) x Rijkele Wolters Heida 4. Tjamme (1804-1887) boer yn Nijskoat, x Lutske Jorrits Sijtzema

De fermeldingen fan har doop en houlik:



V.3 HENDRIKJE JANS

26-3-1769 Sonnegea - 4-1-1836 Sonnegea
x Jan Jans Haven, boer, 12-6-1794 Sonnegea
1759 Boekelte - 11-10-1827 Sonnegea
sf. Jan Berends en Aaltje Klazen

Út dit houlik: 1. Martzen (1795-1853) x Aaldert Bruinenberg 2. Lambert (1801-1865) x Antjen Jakobs de Vries 3. Jakob (1804-1880) x Grietje Jans Menger 4. Jantje (1806-1848) x Hermanus Engelboer 5. IJpkje (1811-1846) x Jannes Minzes Scheper

V.4 REINSKJE JANS

d.26-12-1771 Sonnegea - 6-5-1835 Aldskoat
x Jan Roels Hospes, herbergier, Aldskoat 19-5-1793
30-8-1767 Ketlik - 28-10-1827 Aldskoat
sf. Roel Wybes en Martje Willems

Út dit houlik: 1. Fedde (1795) 2. Roel (1799-1854) arbeider yn Aldskoat x Hiltje Reitzes de Vries 3. Martzen (1806-1835) net troud 4.Uilke (1809-1876) arbeider yn Aldskoat, x Geeske Wolters Heida 5. Martzen (1809-1836) x Jan Siezes de Wolde

Der wiene twa dochters mei de name Martzen, de iene neamd nei beppe fan heitekant, de oare nei in suster fan har mem!
Út it doop- en trouboek fan it Skoat:



V.5 LOLTJE JANS

13-2-1774 Nijskoat - 14-8-1830 Gouda
x (1) Sipke Aizes (Bosma), boer, Aldskoat 28-12-1794
stoarn yn 1809
x (2) Berend Roelofs Retsma, arbeider
15-11-1771 Nijhoarne - 1-5-1859 Nijskoat
sf. Roelof Pieters en Dieuwke Annes

Út it earste houlik: 1. Ypkjen (1797-1847) x Jan Sjoerds de Haan, boer yn Ketlik 2. Fedde (1804) Út it twadde houlik: 3. Roelof (1811-1859) net troud, arbeider yn Nijskoat 4. Dieukjen (1812-1856) x Albert Jager, arbeider yn Nijskoat 5. Martzen (1817-1851) x Kerst Jellema, komelker yn Nijskoat

Omdat Sipke Aises mennist wie, komt syn doop- of bertedatum net yn it (herfoarme) doopboek fan't Skoat foar. Hy wie widner fan Aaltje Siebes, dy't yn 1791 stoarn wie.
Ut syn earste houlik hie Sipke Aizes twa soannen, Siebe en Aize, dy't yn 1811 de namme BOSMA oannamen. Ek Ypkjen brûkt nei 1811 de achternamme Bosma.
Berend Roelofs nimt yn 1811 de namme RETJES oan, mar neamt him letter altiten RETSMA, krekt as syn broer Klaas.
In dochter fan Martzen en Kerst Jellema trout wer mei in Jonkman (sjoch numer 2.2.1).
Út it doop- en trouboek fan it Skoat:


V.6 REITZE JANS, arbeider te Aldskoat

21-12-1776 Nijskoat - 24-11-1811 Rotstergaast
x Jetske Gerbens, 17-5-1807 Aldskoat
1783 Jobbegea - 23-7-1867 Aldehaske
df. Gerben Ruurds en Grietje Jolles

Út dit houlik: 1. Jan (1809-1888) arbeider Aldehaske, x Baukje Cornelis Veldman 2. Rinskje (1811-1829)

Reitze Jans is ferstoarn foardat hy in namme oannimme koe en dêrom docht syn widdo dat foar de bern. Hja kiest de namme DE JONG, mar de bern brûke dizze namme net. Hja brûke de namme KERKSTRA, krekt as de omkes fan heiteskant dat diene.
Blykber wiene de famyljebannen mei harren eigen omkes net sa sterk dat hja harren ek Jonkman neamden.
Jetske trout yn 1815 mei Eeuwe Sietzes van der Laan.