De
opset fan dizze site
Ik bin útgien fan de nammen fan de paken en beppen en omkes en tantes oan
sawol de Jonkman-Akkerman as de Van der Sluis-Jaarsma kant fan de famylje.
Dan wurdt de rjochtstreekse line nei boppe folge.
De nûmering is as dy fan de kertiersteat fan ús eigen bern. Hja krije nûmer
1. It nûmer fan de heit fan nûmer 15 is 30, dat fan de mem fan nûmer 15 is
31, en sa fierder. Broers en susters fan nûmer 15 krije nûmer (15).
Der wurdt nei stribbe om fan eltse nammedrager in foto of argyfstik as
yllustraasje op te nimmen.
|