II.1 DOEKLE HYLKES, boer yn It Mar berne om 1675 hinne, stoarn 1744 yn It Mar x (1) Lol Feddes, foar 1708 berne om 1680 hinne - stoarn foar 1724 x (2) Lamkje Einskes, yn 1724 berne om 1680 hinne - stoarn nei 1748 Út it earste houlik: 1. Fedde berne om 1710 hinne 2. Hylkjen berne om 1710 hinne 3. Gerrit berne om 1710 hinne Út it twadde houlik: 4. Fetje berne om 1725 hinne |
Oer de beide froulju fan Doekle Hylkes bin ik net in soad gewaar wurden, der soe wolris in famyljerelaasje tusken beide weze kinne: yn It Mar wennet yn dizze tiid ek in Fedde Einskes widdou. Ek is der gjin ferbân foun mei Yntze Doekles en Ysbrand Doekles, dy't yn itselde doarp tahâlde.
Doekle Hylkes syn namme komme wy foar it earst tsjin yn 1708 at er mei syn frou Lol Feddes in hûske yn'e Knipe keapet:
Yn dizze - troch skroeiplakken min to lêzen - akte stiet:
Doekle Hylkes en Lol Feddes echteluiden woonachtigh in de Knijpe B. B. en C. op de coop van seeckere huisinghe, staande ende geleegen in de Knijpe omtrent de breede brugge zooals en in gelijcker weegen Age Goslycks en Acke Copes in tijden echteluiden hetselve heeft toebehoort en het de vercopers is aangeerft hebbende ten oosten Cornelis Willems, ten westen Jan Jansen, ten zuiden de Heeren Compagnons twee gemeene roeden en de dwarssloot ten noorden, sijnde beswaart met vier gulden negentien stuivers grondpagt, jaarlijx aan Acke Coppens of desselfs gelastigde to betaalen, aldus gecogt voor de somma van 2? Car.gld. van Age Goslycks erfgenamen
1e procl. 29-2-1708
Neffens it âldste reëelkohier fan Skoatterlân wennet Doekle Hylkes yn een huijske yn de Knijpe behorende onder den dorpe Mildam, derde wijk de westkant. Oan de 4.19.0 goune dy't er oan Acke Coppens betelje moat kin wy sjen dat it om itselde hûs giet as yn' e proklamaasje hjirboppe.
Hy wennet hjir yn 1720 noch, mar yn 1721 is it hûs ferhierd oan Claas Johannes foar 13 goune. De reden foar dizze feroaring is grif, dat by foar de twadde kear troud is. Yn 1724 fine wy him wer op in grutte hierpleats yn It Mar oan'e noardkant fan'e feart. De pleats wurdt foar 120 goune hierd fan Gjolt Wytzes, letter fan syn erven.
Syn frou hat noch wat eigendom yn Haskerdiken sa't út de folgjende akte bliken docht (HAS K 8-196):
Marten Ruirds, huisman in Sint Jansga, voor 1/4 en Popk Ruirds en Anne Jans op Sestien Roeden voor 1/4, samen voor 1/2 vercopen aan Lamkien Einskes, huisvrouw van Doekle Hylkes, wonende in't Meer ieder syn gerechte 1/4 part van tien pondematen maden te Haskerdijken, sijnde 't vercogte met de koper en Eets Einskes mandelig, hebbende Hendrik Joukes ten zuiden en de erven van Vrouw Remia van Douwma ten noorden beswaart met een floreen aan't register van Nijehaske te betalen voor negen Cargld vercogt
1e procl. 1726
Yn 1742 (nei trije hierperioaden fan seis jier) gean Hylke en Lamkje fan'e pleats. Sy hiere noch twa jier in hûs fan'e Mennonite Gemeente, hoewol't sy net yn 'e lidmateboeken fan dy gemeente foarkomme. It is een huis en 3 morgen veenlant en ek noch anderhalf morgen veenlant, no oan'e súdkant fan 'e feart, dêr't sy 65 goune jiers foar jowe. Yn 1744 fine wy dan Doekle Hylkes wed. werom op it âlde hûske yn 'e Knipe! Yn 1749 noch stiet yn 'e Quotisatiekohieren ûnder de Knipe: Doekle Hylkes wed., gering vermogen. Út de oanslach kin wy ôfliede dat har 'vermogen' sa'n 100 Cg, west hat.