Nammen út de kertiersteat

 

Ferneaming fan nammen

De ieuwenlange tradysje fan it ferneamen fan jins bern nei pakes en beppes en oare famyljeleden liket syn langste tiid hân te hawwen. Tiden hawwe tiden.
Sa't it no liket is myn generaasje de lêste dy't him deroan weage hat.
No kin ik my ek wol foarstelle dat mei't de wrâld grutter wurdt en men mei syn namme fierder reizget as eartiids guon nammen ek wol botte âldfrinzich wurden binne. It kiezen fan wat algemien brûkbere foarmen leit dan foar de hân. Mar wat der yn guon gefallen fan makke wurdt ...

Hawar. Foar takomstige genealogen is it yn alle gefallen in ferswierring fan de taak. Krekt de ferneamingstradysje bringt in ûndersiker faak op it spoar fan mooglike ferbannen.

 

De opset fan dizze site

Ik bin útgien fan de nammen fan de paken en beppen en omkes en tantes oan sawol de Jonkman-Akkerman as de Van der Sluis-Jaarsma kant fan de famylje. Dan wurdt de rjochtstreekse line nei boppe folge.
De nûmering is as dy fan de kertiersteat fan ús eigen bern. Hja krije nûmer 1. It nûmer fan de heit fan nûmer 15 is 30, dat fan de mem fan nûmer 15 is 31, en sa fierder. Broers en susters fan nûmer 15 krije nûmer (15).

Der wurdt nei stribbe om fan eltse nammedrager in foto of argyfstik as yllustraasje op te nimmen.