REITZE

Ferneaming fan de namme Reitze

De namme Reitze giet 13 generaasjes werom op Reithie Reithies, berne om 1570 hinne. Ien kear giet de namme yn de froulike line oer, fia Ypkje Reitzes. De earste Reitze mei famyljenamme is Reitze Hendriks Jonkman (1832-1913), hy waard ferneamd nei in ferstoarne omke.

Home
8256. Reithie N.
berne ± 1540, stoarn ± 1570

1. Reithie, berne nei de dea fan syn heit?

It ynfieren fan dizze stamheit is basearre op in argyfstik oer de erfenis fan Rentzs Wythiedr, dy’t troud wie mei in Reithie. De bern fan harren soan Hothie wurde omskreaun as de erffgen. van Hothie Reithie Reithies.



Blykber wie de heit fan Hothie dus in Reithie Reithies.


4128. Reithie Reithies
berne ± 1570, stoarn ± 1603
troud 1595 Rentzs Wythiedr, berne ± 1570, stoarn 1654
troud foar 1606 (2) Hans Tentkes, stoarn yn 1642

1. Hothie Reithies, ±1600-1649, folget
2. Wytzs Reithiedr, berne ± 1600, x 1620 Eelke Oenes
Jouckien Eelkedr (1621-foar 1658), troud 1-1-1641 De Jouwer, Johannes Annes
Reithie Eelkes (1623-1653)

út it twadde houlik fan de mem:
3. Tentke Hanzes (st. 1656), troud mei Douw Rentkes
4. Hotske Hanzedr (st. 1653/4) troud mei Birde Sipkes


Reithie Reithies wurdt net âld, mar syn frou wol. Hja oerlibbet ek trije fan har bern. Op 1-11-1654 wurdt har besit ferdield. Tegearre mei har broer Barteld Wythies hie Rentzs twa pleatsen yn besit: Aldehaske 42 en Westermar 9. Yn de stimkohieren fan 1640 wurdt Hothie Reithies neamd als eigner fan Aldehaske 42, yn Westermar binne de eigners Hans Tintjes en Bartel Wythies.
Dizze besitsferdieling wurdt befestige yn de ferdieling fan 1654. De beppesizzers út har earste houlik krije een halve sathe tot Oldehaske, mandelig met Bartel Wythies erven, streckende uyt de feenscheidinge in den olde …, met darthien pondematen olde maten. Brűker is Auke Bartelds, hy is ek fâld oer de bern fan Hothie Reithies.
Oan Tentke Hanzes wurdt de pleats yn Westermar taskikt. By dizze ferdieling is gjin sprake mear fan Hotske Hanzes en har man of fan bern fan harren.


…. in bywesen fan Johannes Annes als vader en voorstander over zijn kynderen by Jouckien Eelkedr in echte getogen mede erffgen. van Rentsz Wythiedr haere bestemoeder sampt Tette Duickes als man en voorstander over Taeck Hothiedr mede een clynkynt van Rentzs vs., Aucke Bartels als &momber over Reithie Hothies oldt omtrent 21 jaeren mitsgaders Johannes Annes als &momber over Hothie Reithies minderjarige weeskinderen met namen Hainthien en Harmen by Trijn Johsdr
(de twadde dochter fan Hoithie Reithies waard yn earste ynstânsje fergetten en is letter yn de marzje byskreaun)

Reithie Eelkes fertjert as frijgesel. Syn erfenis wurdt op 17-6-1653 ferdield űnder de bern fan syn suster Jouckien Eelkes oan de iene kant en oan Tentke en Hotske Hanzes oan de oare kant. (HAS 34-28)


(hantekeningen fan Reithie Eelkes en Hothie Reithies)


2064. Hothie Reithies
berne ± 1600 Haskerlân - stoarn 1649
x (1) ±1625 Hainthien Obbes, stoarn foar 1646
dochter fan Obbe Eedes en Romck Jans Broechters (troud yn 1603)
Eede Obbes wie earder troud (yn 1585) mei Haithien Deddedr
Romck Jans trout yn 1620 wer mei Wthie Annes
x (2) ±1646 Trijn Jansdr

út it earste houlik:
1. Taeckie Hothiedr, x 1650 yn Aldeboarn Tette Duickes
bern: Hotse, Sijtse, Haantje, Doeke
2. Wytzs Hothiedr (st. 1657), x 1651 op it Hearrenfean Tiaerdt Obbes
bern: Obbe
3. Reithie Hothies (1634-1667)
út it twadde houlik:
4. Hainthien Hothiedr
5. Harmen Hothies


Hothie Reithies is boer op de pleats Âldehaske 42:

hask (5K)

Yn 1645 leit Hothie Reithies rekkenskip ôf oer syn administraasje as fâld fan de wezen fan syn suster Wytzs: (HAS 32-87)

ontfangh (4K)

Yn 1646 fynt der in ferdieling tusken de erfgenamen fan Wthie Annes en Romck Jans, derby ek Hothie Reithies als vader en wettelick voorstander over sijn drie kinderen by Hainthien Obbes in egte geprocreert.

hanhothie (2K)


Op 4-1-1650 docht bliken dat Hothie Reithies ferstoarn is. Aucke Bartelds en Roucke Luithiens lizze dan as fâlden fan Taeckie, Wytzs en Reithie de rekken oer fan de fâldij fan Hothie oer Reithie Eelkes. Itselde bart troch Johannes Annes en Tentke Hanzes as fâlden oer Hainthien en Harmen. (HAS 33-134)
Yn 1652 is beppe fan memmekant Romck Jans Broechters ferstoarn, de erfenis wurdt dan ferdield űnder har erfgenamen. Reithie Hothies is dan 18 jier en krijt, krekt as syn susters, 172 goudgűne útkeard. Ek krijt hy noch 4 pűnsmiet lân yn de Fluessecampen. It Flueske wie in mar op de grins fan Âldehaske en Haskerhoarne. Yn 1654 erft hy fan syn beppe fan heitekant, sjoch hjirfoar
Yn 1660 is der ynventarisaasje yn it hűs fan Tiaerdt Obbes. Syn frou is dan al ferstoarn en hy wertrout mei Aelthie Hansedr.

Oer de ferneaming fan de namme Reitze:
11 Hotse Tettes x Antje Ydes
111 Tette Hotses x Aaltje Tomas Tjeerds
115 Reytse Hotses x Tijmke Jelles
1111 Hotse Tettes (HOFSTRA) x Gerbrig Wytzes
11111 Bauke Hotses Veldman x Nieske Johannes
11116 Reitze Hotses DE JONG
111112 Reitze Baukes VELDMAN

1032. Reithie Hothies
berne 1634 - stoarn 1667
x Ypck Jans, 1659
dochter fan Jan Sippes en Trijn Meints
earder (1658) troud mei Peter Cornelis
trout yn 1667 wer mei Ruirdt Bartels

1. Hotse Reitses, 1660-1693, folget
2. Trijn Reitses, stoarn 1709 troud mei Jan Dubbeltie
   soan: Reitse Jans

Yn 1653 is der fanwege Reithie lân kocht fan syn healbroer en suster. Yn 1654, hy is dan yn syn tweintichste jier, wurdt der ôfrekkene mei syn omke Tentke Hanzes. Űnder de útjeften komt in post foar oangeande de fjouwer pűnsmiet yn de Fluessecampen.

hask (5K)

(hantekeningen Rijtse Hotses en Tette Duickes)

Op 14-6-1659 leit fâld Aucke Bartels in lęste ôfrekken oer. Reithie is dan 25 en dus folwoeksen wurden. By syn houlik kin hy 2000 gune ynbringe. Hy is boer op pleats Sint Jânsgea 30, al yn 1640 yn it besit fan (famylje fan?) syn frou. Yn 1661 ferkeapet hy syn seisde part yn de pleats fan syn beppe yn Âldehaske oan notaris Hamconis Seta fan De Jouwer foar 600 goudgűne. Yn 1667 is Tette Duickes, syn omke, fâld oer de beide bern. Ypck Jans is dan wertroud mei Ruirdt Bartels dy't yn 1698 noch eigner is fan de pleats yn Sint Jânsgea.

516. Hotse Reijtses
* 1660 Sint Jansgea - + 1693 Rottum
boer en tsjerkfâld te Rottum
x(1) Wytske Tysses 1682
* 1659 - + 1683 Rottum
dochter fan Tysse Annes en Jetske Intses
x(2) Rieuck Wytses

út it earste houlik:
1. Reitze Hotses (1682 – 1747)
út it twadde houlik:
trije bern, nammen net bekind

Wijtske Tijsses bringt by it houlik aardich wat besit yn, har âlden hawwe in tal pleatsen yn Rottum. Yn de kream fan har soan Reitze ferstjert hja, der wurdt dan ynventarisaasje hâlden fan it gemienskiplike besit:

Op huiden den 16. May 1684 inventarisatie gedaan bij den Gerechte van Schoterlant ten over staan vande bijsitter Willem vande Vecht, als commissaris ende ‘Willem Arnold, Secretaris aldaar, ten sterffhuise van Wijlen Wytske Tysses tot Rottum, in leven huisvrouwe van Hotse Reytses, die sich ten tueden houwelijck begeven heeft met Reuckien Wytses, ende dat ter presentie van Eelcke Liebbes als curator ad actum over Reytse Hotses, voorschreven Wytske Tysses achtergelaten weeskint, alles in maniere soo volgt, door aangeven van Hotse Reytses voorschreven.

Űnder it te ferdielen besit heart ek in pleats yn Rottum: Seeckere huisinge ende landen gelegen tot Rottum, tegenwoordich bij Hotse Reytses bewoont wordende, met de mieden daaronder behoorende

As Hotse yn 1693 komt te ferstjerren wurdt omke Anne Tysses fâld oer Reitze.

258. Reitze Hotses
1682 Rottum - + 12.09.1747
doarpsrjochter en boer te Rottum
x (1) Antje Baates, 4-1-1705 Wolvegea
x (2) Martzen Willems ± 1727
stoarn nei april 1753, trouwt wer mei Jan Lammerts, Sint Jansgea, yn 1749

út it earste houlik:
1. Hotse *1710 x Sjoukje Folkerts
   Reitse en Folkert Hotses BOUMA, Aldeboarn
2. Baate *1717 x Jitske Jacobs, Gertjen Jans, Lutske Thees
   Reitse Baates VAN SCHOTEN, Reitse Aukes BOSK, Jilles Bates REITSMA
3. Reinder * 1720 x Antje Clases, Rottum
   Reitse en Klaas Reinders DE VRIES
út it twadde houlik:
4. Antje *1729 x Jannes Folkerts --> Schootstra
5. Janke *1731 x Gosse Hessels
   Reitze Gosses VISSER (Oldeholtwolde)
6. Grietje *1739 x Wijbe Johannes
7. Ypkje Reitzes (1736-1807), folget



Reitse Hotses is yn 1698 mei syn omke Anne Tysses (as fâld) eigner fan de stimpleatsen Rottum 15, 19, 22 en 23. Fan de beide lęste nűmers is in oare omke, Jan Dubbeltie, brűker.
Yn 1728 is Reitse Hotses eigner en brűker fan Âldehaske 8 en 9. Hy is dan ek brűker fan de fjouwer hjirboppe neamde nűmers yn Rottum, no mei as eigner âld-grytman Martinus van Scheltinga.

129. Ypkje Reitzes
1736 Mildam - 7-2-1807 Aldskoat
x Jan Feddes, arbeider, Aldskoat 13-5-1764
1743 Rottum - 20-6-1825 Aldskoat
sf. Fedde Doekeles en Hendrikje Jans

1. Martzen (1765-1832) x Roel Sikkes Hoeksma
2. Fedde (1767)
3. Hendrikje (1769-1836) x Jan Jans Haven
4. Reinskje (1771-1835) x Jan Roels Hospes
5. Loltje (1774-1830) x Sipke Aizes x Berend Roelofs Retsma
6. Reitze Jans, (1776-1811) x Jetske Gerbens
   pakesizzer Reitze Jans Kerkstra (1844-1921)
7. Jacob Jonkman (1779-1842) x Hendrikje Jans
8. Hendrik Jans Jonkman (1832-1913), folget

Oan de berteplakken fan de bern kinne wy sjen, dat Jan Feddes yn ferskillende doarpen yn it wurk stien hat: Sonnegea, Nijskoat en Nijeholtpea. Dat docht ek bliken út de lidmateboeken, dęr’t by alle ferhuzings hieltyd de attestaasje yn opskreaun stiet.
Hjirűnder de fermelding fan it houlik fan Jan en Ypkje en fan it dopen fan harren soan Rijtse.




64. Hendrik Jans Jonkman
7-3-1873 Nijeholtpea – 17-3-1863 Oranjewâld
x Dettje Jans, Aldskoat 17-6-1810
3-9-1787 Follegea – 11-8-1872 Nijskoat
df. Jan Romkes en Hiltje Remmelts

1. Ypkje (1812-1878) x Jacob Gerrits Jonker
2. Jan (1815-1876) x Janke Jacobs Bralts
3. Fedde (1817-1851) x Janke Wiebes de Boer
4. Hiltje (1820-1890) x Sape Sybrens van der Vlugt
5. Romke (1823-1826)
6. Jan Hendriks (1826-1880) x Geertje van der Haag
7. Reitze Hendriks Jonkman (1832-1913), folget


Hendrik Jans keas yn 1811 de achternamme Jonkman:


Op űndersteande kaart fan Oranjewâld is it grűnbesit fan Hendrik Jans Jonkman yn 1832 oanjűn. It bestie út in hűs met hiem en grientetún, in hoekje bosk en trije grutte perselen (5 ha) heide. It lei oan de westkant fan wat no de Heideleane hjit.



32. Reitze Hendriks Jonkman
4-7-1832 Oranjewâld – 23-9-1913 Nijehaske
x Janke Johannes van der Tuin, 13-5-1855 Skoatterlân
20-11-1833 Nijskoat – 12-5-1912 Nijehaske
df. Johannes Linzes van der Tuin en Loltje Wytzes Bosga

1. Dettje (1856-1927) x Tjeerd Jeeps Heida
   soan Reitze Heida (1892) gie nei Kanada en wie der boer en feeferloskundige.
2. Johannes Reitzes Jonkman (1858-1932), folget
3. Loltje (1860-1887) x Fokke Ruurds Lieuwes
   pakesizzer Reitze Ruurds Lieuwes
4. Hendrikje (1863-1934) x Sake Folkerts Brouwer
   soan Reitze Brouwer (1886-1960), timmerman yn Nijskoat
5. Yke (1866-1932) x Gerrit Thaes Woudstra
   soan Reitze Woudstra, boer yn Tsjerkgaast
6. Ariaantje (1868-1871)
7. Hendrik (1871-1941), boer yn Itens, x Antje Thees Sierdsma
   soan Reitze Jonkman, boer yn Warkum mei as pakesizzers twa kear Reitze Jonkman en Reitze Wouda
   pakesizzer Reitze van der Valk

8. Jan (1874-1944), boer yn Eagmaryp
   soan Reitze Jonkman, boer yn Eagmaryp
   pakesizzers fan him: Reitse Spanninga, Reitse Jan Faber, Reitse Jonkman


As keapman hat Reitze Hendriks it goed dien. Syn hannelskontak­ten hie hy oant yn Ruslân ta. Syn folk moast dan mei de kij nei Hamburg rinne, dęr kamen de bisten yn it skip.
Hy hie by de hannel lykwols al in spesjaal wapen: hy mocht graach in buorrel, al wie dat beppe Janke net nei 't sin. Sa hie hy har ris fersein om it sűnder drank te besykjen. Mei soan Jan sette hy nei Ljouwert, mar it like yn earsten in minne reis. Neidat hja de merk in slach om west hiene like it Reitze Hendriks dit kear op fleanen: gjin hannel te dwaan. Tsjin syn ôfspraak mei beppe yn (ek al besocht Jan him derfan te wjerhâlden) naam hy in pear buorrels op. Dęrnei gie it mei de hannel foar wonder. Doe't er thús kaam koe hy nei wierheid tsjin beppe sizze dat hy noch nea sa'n goeie merk hân hie.
Oan it ein fan syn libben buorken alle bern op in eigen pleats.

   

Reitze Hendriks Jonkman en Janke Johannes van der Tuin


                

16. Johannes Reitzes Jonkman
18-8-1858 Oranjewâld – 13-7-1935 Aldskoat
x Jieuwkje Baukes Woudstra, 8-5-1881 Skoatterlân
20-9-1858 Oranjewâld – 8-5-1942 Aldskoat
df. Bauke Siebrens Woudstra en Imkje Jans Wal

1. Janke (1882-1968) x Pieter Jacobs Sierdsma
    soan Reitze Sierdsma (1911-1927)
2. Imkje (1883-1973)
3. Detje (1885-1963) x Arjen Fetzes Koopmans
4. Reitze Johannes Jonkman (1887-1975)
5. Bauke (1889-1956) x Jantje Hommes Siebenga
6. Jan (1891-1974) x Richtje Liekles Kleistra
7. Hendrik (1893-1899)
8. Jantje (1895-1979) x Pieter Alberts Nijholt
9. Loltje (1897-1963) x Sies Jelles Siebenga



Johannes Jonkman en Jieuwkje Woudstra 50 jier troud (8-5-1931)
steand : Jan, Reitze, Detje, Arien Koopmans, Jantje Siebenga, Bauke, Pieter Sierdsma, Pieter Nijholt en Jantje. sittend : Richtje Kleistra, Jitsche Dijkstra, it breidspear, Janke en Imkie . yn't gers : Loltje en Sies Siebinga.


8. Reitze Jonkman
26-3-1887 Oranjewâld – 26-5-1975 Aldskoat
x Jitsche Hettes Dijkstra, 6-4-1911 Skoatterlân
12-3-1891 Broek – 15-4-1957 Hearrenfean
df. Hette Fokkes Dijkstra en Korneliske Klazes de Jong

1. Jieuwkje (1911) x Tjeerd Warners Bakker
   soan Reitze Bakker (1948-1955), beppesizzers Reitse Smits en Reitse Oenema
2. Hette (1914-1975) x Hieke Bouwes van der Meulen
   soan Reitze Jonkman (1945), pakesizzer Reitze Verkerk
3. Johannes Jonkman (1920-1993), folget
4. Klaas (1921) x Ieke Jans Kraak
   soan Reitze J. Jonkman (1957), pakesizzer Klaas Jan Reitze Jonkman

   

Reitze Johannes Jonkman en Jitske Hettes Dijkstra
en de fjouwer bern


4. Johannes Jonkman
15-5-1920 Nijskoat – 17-6-1993 Beetstersweach
x Pietje Jans Akkerman, 4-5-1948 Haskerlân
8-7-1920 Rotsterhaule
df. Jan Sakes Akkerman en Jeltje Klazes de Vries

1. Reitze Jonkman (1950)
2. Jan Sake (1951)
3. Jeltje Elisabeth (1953) x Egbert Land
4. Jitske Cornelisje (1956)


2. Reitze Jonkman
7-3-1950 Weinterp
x Pietertje Geeltje van der Sluis, 3-6-1976 Raarderhim
20-6-1953 Poppenwier
df. Dirk Jacobs van der Sluis en Anna Tjitske Jaarsma

1. Anna Grytsje (1979)
2. Johannes Reitze (1981) x Ivonne de Jong
3. Jitske Pytsje (1985)


Koart oersjoch ferneaming:
8256. Reithie N.
1540-1570
4128. Reithie Reithies
1570-1603
1032. Reithie Hothies
1634-1667
  258. Reitze Hotses
1682-1747
  (64) Reitze Jans
1776-1811
    32. Reitze Hendriks Jonkman
1832-1913
      8. Reitze J. Jonkman
1887-1975
      2. Reitze J. Jonkman
1950