Stamheit
Doekle Jans (1620 - 1680)


DOEKLE JANS, lekkenkeaper te Akkrum

berne om 1620 hinne, stoarn foar 1683
x Janke Doytzes

1. Hylke berne om 1645-1650 hinne
2. Cornelis berne om 1645-1650 hinne
3. Tziets berne om 1645-1650 hinne

Yn in stik as wat op internet ferskynde genealogyen wurdt Doekle Jans, lekkenkeaper út Akkrum, neamd as heit fan de trije bern. Yn 1676 ferklearret hy jild skuldich te wêzen oan Cornelis Doekles yn dy syn funksje as kurator. In hurd bewiis dat Doekle Jans de heit is haw ik noch net ûnder eagen hân.

Dat Hylke, Tziets en Cornelis broers en suster fan mekoar binne, kin wy ôfliede út in twatal ôfrekkeningen yn it weesboek fan Skoatterlân. Cornelis Doekles is dan fâld oer de bern fan Tziets (wy soene skriuwe Tjitske) Doekles. Hylke Doekles ûndertekenet as tsjûge . Bij de folgjende generaasje is mear oer dizze ôfrekkenerij to finen.

De famylje Jonkman stamt fia Hylke fan Doekle ôf. Dat yn'e doop- en trouboeken fan Akkrum dizze nammen net foarkomme, hat fêst as reden dat de famylje mennist wie, yn alle gefallen hearde Cornelis Doekles ta dizze tsjerke.

Mooglike oare famyljeleden binne Doekle Ulbes, yn 1640 op Koldykstate yn Grou en letter yn Arum, Douwe Doekles, yn 1640 boer op Terherne 6 en Wabbe Doekles, yn 1580 yn Akkrum neamd. Sûnder hurde bewizen kin hjir fansels fierder neat oer sein wurde.